Archief
2017
Maart
2016
2015
2014
2013
Juni
Oktober
December
2010
Februari
Augustus
September
December
2009
Augustus
September
December
2008
Oktober
Earlik
Fryslân stiet bekend om begrippen as ‘echt’ en ‘earlik’. Da’s moai yn dizze unwisse tiiden. It jout hâldfêst.
Mar Fryslân is ek ’n stikje wrald. Dus giet it hjir soms ek echt mis. Tink oan’e de bernepornosaak yn Pingjum. Tink oan it bedrieuw De Boer yn Drachten.
De Boer wie hiel earlik doe’t hy as Christen wegere ’n praktiserend homo een stageplek te jaen. It wie earliker west om dat strenge leauwen net sa te praktiseren.
Tja, as minsken kin wy earlik weze. Nei elkoar. Nei ussels. Der tsjinoer hat de natoer syn eigen wetten. En dy bin net altyd earlik.
As jong frommes dochst d’r alles oan om die 500 meter sa hurd mogelyk te riiden. Dan giest op ’n dei nei it sikenhus foar ’n kyste, blykt it een lilkaardiche tumor. Nee, dat is net earlik.
En dan sizze de minsken “fjochtsje tsjin kanker”. Da’s gjin earlik advies. Kanker is ’n kwestie fan dikke pech en dan ferliest. Of hast grut gelok en dan winst. It is it fjochtsjen tsjin swiere unwissichheid wermei ik Thijsje Oenema alle sterkte tawinskje wol.
Lykas alle minsken foar wa’t unwissichheid te grut foar wurden is.
03-12-2015
